1992 - In healegeare hear

Oarspronklike titel: 'Le Bourgeois-gentilhomme'. Yn dit 17e-ieuske stik besiket menear Jourdain, in rike mar ûnnoazele boarger, opnommen te wurden yn it fermidden fan de lju mei blau bloed en makket himsels op dy wize bespotlik. Nettsjinsteande it ûnderwiis dat er folget, de djoerste klean dy't er keapet, wurdt er troch de eallju brûkt as in fette molkko en bliuwt sa in suver begrutlik stikje minsk.