1981 - Heit dÍr leit in lyk

Nederlânske titel: 'Kaviaar of Spaghetti'. Papagetto, in Napolitaan mei filosofyske en artistike oanstriden, draaft alderhande djoere resepsjes ôf om oan 'e kost te kommen. Hy rjochtet ek in komitee fan goederjouskens op. As rike leden dêrfan krekt yn 'e ponge taaste sille, komt de soan fan ien fan harren mei it freeslike nijs dat er immen deasketten hawwe soe. Hy wurdt ferburgen yn it hûs fan Papagetto, dy't tafallich ek noch in hiel sjarmante dochter hat.