1973 - Harten is troef
Oarspronklike titel: 'Bonjour, Brigitte'. It spilet him ôf yn Eastenryk. Twa jonge froulju wolle fan herberch 'It Gouden Hart' wer in florissant bedriuw meitsje. Tsjin de wil fan de heit fan de iene, de kastlein dy’t tagelyk boargemaster is, besykje se alderhande gasten in waarm ûnthaal te jaan. Mei fansels, lykas de titel oanjout, allegear leafdesyntriges.