2006 - Full Monty - Alles út
De Kloklieder fan Nij Daam
Tjerk Kooistra oan de bûtenwrâld presintearre
Slotjûn yn styl ta beslút fan Alles út
Noch ien kear flamje
ôfskie mei ekstra autentyk aksint.
Opjage sebra
Hot Metal website
Hilaryske mo(nu)minten
De logistyk achter de skerms
De wet fan Murphy
Indian Summer
Yn 'e wyn op
De lûden fan de nacht
Rein op de tinte
'Wa wie dat no, ju, dy ynfaller?
Heechspanning
Fan de earste claus:
Hoe liket it?
Premiêre kriget syn fertsjinne waar!
Wêr komt The Full Monty wei (2)
Optimaal publyk justerjûn
Wêr komt de term 'the full monty' wei?
We want more...
Freed 15 febrewaris
Yn 1953, dit jier 60 jier lyn, waard yn it lytse Fryske doarpke Jorwert in iepenloftspul organisearre. Mei dit iepenloftspul, ‘De Klokken fan Jorwert’, waard elkenien betanke dy’t (finansjeel) holpen hie de toer fan de Jorwerter tsjerke wer op te bouwen nei&rsqu...
Tjerk Kooistra oan de bûtenwrâld presintearre
Freed 1 desimber
Op de parsekonferinsje is hjoed ús nije spullieder Tjerk Kooistra oan de bûtenwrâld presintearre. Út it parseberjocht: Tjerk Kooistra is in bekend gesicht yn it Iepenloftspul fan Jorwert, want hy hat al in tal jierren meispile. Hy hat dan ek in echt 'Jor...
Slotjûn yn styl ta beslút fan Alles út
Snein 15 oktober
Op de boppeseal fan it Wapen van Baarderadeel wiene alle spilers en omtrint elkenien oars dy't meiwurke hie, noch ien kear by elkoar om in punt te setten achter in memorabel seizoen. De iene is al wer dwaande mei de folgjende produksje, de oare is de enerzjy út de fo...
Noch ien kear flamje
Sneon 23 septimber
Apoteoaze Noch ien kear flamje, noch ien kear geniete, noch ien kear Alles jaan foardat Alles út giet. Dat wie de ynset en opdracht foar de lêste foarstelling fan 2006. Waard de premiêre troch Romke Toering opdroegen oan syn frou Annigje omdat dy der foarearst ...
ôfskie mei ekstra autentyk aksint.
Freed 22 septimber
Nei al de prachtige jierren dêr't er him as regisseur dan wer de Belgyske kening by Tijl Ulespegel, dan wer opperboskwachter fan Arkadië (Midsimmer-nachtdream), dan wer fiskerijkonsulint foar de hiele Sudersee (Op hoop fan Segen) neame mocht, beslút Romke Toerin...
Opjage sebra
Woansdei 20 septimber
'Hjoed ha 'k de hiele dei it gefoel fan in sebra, dy't opjage wurdt troch in roedel wolven,' sei ien fan de spilers oan it begjin fan de frouljusjûn. Mear as sânhûndert froulju byinoar op de tribune, hoe komt dat? Wel, wy hiene fansels al oefene, trije wike lyn ...
Hot Metal website
Tiisdei 19 septimber
Spesjaal foar it ienmalige optreden op de frouljusjûn hat HotMetal in eigen webside iepene. Moedigje de mannen oan, laad se op foar de sjo, reagear op www.hotmetal.nl!
Hilaryske mo(nu)minten
Snein 17 septimber
Publyk is nuver guod. Grillich, ferrassend, fernuverjend. As Jerry en Dave troch it húskerútsje de klup ynkomme, logysk dat der lake wurdt. As de dames hearen imitearje yn de Hearen, fansels jout dat salvo's troch de rigen. En as se dan sizze: Net trochspiele, dat d...
De logistyk achter de skerms
Sneon 16 septimber
Wa hat op sa'n noflike, licht rûzige freedtejûn mids septimber op de grôtfolle tribune yn de rekken hoe't it is om in film te spyljen. Alles rint ommers as it spoar en de sênes (35 yn totaal) wikselje inoar yn heech tempo ôf. Sa heart dat yn de film ...
De wet fan Murphy
Tongersdei 14 septimber
It moaie fan technyk is dat it omtrint ûnbegrinzge mooglikheden jout. It ferfelende is dat dat ek yn it negative jildt: Alles dat fout gean kin, giet in kear mis! Dat fenomeen stiet bekend as de Wet fan Murphy. Net dat it justerjûn radikaal mis gong mei de techn...
Indian Summer
Woansdei 13 septimber
Soms sit it tsjin (fjirtjin dagen lyn op tiisdei moasten wy twa kear ûnderbrekke fanwege in kâlde reinbui) en soms rint alles mei: Justerjûn wie it werklik waar as side. De foarstelling rûn as it spoar, lânboumasines wurken net of stil en allinne de ...
Yn 'e wyn op
Snein 10 septimber
Wy spylje jûn in bytsje yn 'e wyn op, warskôge Romke by de notes. Alle kearen wer om kertier oer achten wurdt de foarstelling trochnommen. Lytse dinkjes feroarje: Jildou/Betty, jou de string wer oer oan Rienk/Dave yn de koffersêne. In oare: Graach fjouwer tellen...
De lûden fan de nacht
Sneon 9 septimber
Op sa'n stille jûn komme de lûden fan de nacht troch. Sommige binne dúdlik: de tsien oere klok, trein fan healwei alven. Mar wat wie dat wat jankende, skuorrende lûd yn de fierte oer it fjild? Der siet in sekere regelmaat yn, it wie ek wolris eefkes fuort...
Rein op de tinte
Tongersdei 7 septimber
Wat is der moaier as de fjirde foarstelling spile te hawwen yn in soele en stille neisimmerjûn en dan om tolve oere nachts eefkes de rein op de tinte te hearren! Rôp der ferline jier noch wolris in lette ljip troch de foarstelling, dit jier ha wy him yn de tún ...
'Wa wie dat no, ju, dy ynfaller?
Woansdei 6 septimber
Ik soe it yn it boekje opsykje moatte, ik ha der gjin erch yn hân.' Sa gong it alle besikers dy't 'Alles út' justerjûn foar it earst seagen. Ynsiders misse Sjoerd, mar se ha der in oare Eddy, mei in hiel eigen styl, foar weromkrigen. En it wie in lust om te sje...
Heechspanning
Tiisdei 5 septimber
Sneintenacht nei de foarstelling is daliks oerlein hoe't it fierder moast. Der wie eins mar ien oplossing: Oane Swart moast de Eddy-rol fan Sjoerd oernimme. Dêr komme noch wer in pear ferskowingen achterwei, mar it is te dwaan. En nei in dei tekstleare en kleanpasse en ferk...
Fan de earste claus:
Moandei 4 septimber
Fan de earste claus: Eddy Girard, Eddy Girard, ... oant syn lêste: Mannen, as ik nerveus bin, dan sit der in stik minder slinger oan..., wie Sjoerd van Beem ien brok beweging en enerzjy. Ek mei syn handikap nei it ûngemak mei de trekker, hiene eins allinne ynsiders yn...
Hoe liket it?
Snein 3 septimber
Rein kertier foar alven It beslút om al dan net te spyljen moat om fiif oere hinne nommen wurde. Wat kinne je dan noch oeren nei de loft rinne te sjen. Hoe liket it? Sil de foarspelde rein al komme, of laket it waar ús út en bliuwt it dochs droech? Wel, juste...
Premiêre kriget syn fertsjinne waar!
Sneon 2 septimber
"Ik laitsje net gau lûdop, mar no lake ik my bytiden ûnder de banken! Wat in foarstelling!" Samar ien fan de reaksjes justerjûn op de libbene premiêre út it publyk. Foar de spilers wie it heftich omdat de lêste repetysjewike pleage w...
Wêr komt The Full Monty wei (2)
Tongersdei 31 augustus
Wêr komt The Full Monty wei (ferfolch fan 29-8) Alle neamde opsjes binne grif te fier socht, mar der binne twa dy't safolle oangripingspunten hawwe, dat wy se serieus besjen moatte: 1. Fjildmaarskalk Montgomery, generaal Montgomery yn de oarloch, hie yn elts gefal de bynamm...
Optimaal publyk justerjûn
Woansdei 30 augustus
Optimaal publyk justerjûn (en deskundich). Yn it foarste plak wie it bepaald in frouljusjûn, mei dy meiwurkers fan soarchgroep Plantein (Ielannen, Bloemkamp, Finke, Flecke en soarchwenten yn Balk). En de hilariteit wie grut, doe't har manazjer him ferspruts en it eefk...
Wêr komt de term 'the full monty' wei?
Tiisdei 29 augustus
De earste tekst dêr't er yn oerlevere is, datearret fan 1987 yn in boekje oer de street-language fan Coronation Street. The full monty soe dus noch pypjong wêze, mar út mûnlinge oerlevering blykt dat it dochs yn it Ingelân fan de fyftiger jier...
We want more...
Snein 27 augustus
Soms ha je eefkes sa'n opkikkerke nedich, seit Horse as Jeannette syn gepiker oer de goede maten aardich relativearre hat. De foarstelling fan justerjûn wie ek in opkikkerke, wat sis ik, in opkikker fan Jorwert oant Moskou dy't in kick joech dêr't gjin prozac tsjinop ...