2006 - Full Monty - Alles út

Alles út fertelt it ûntroerende en humoristyske ferhaal fan in tal ûntsleine stielarbeiders út it Ingelske Sheffield, dy’t, ynspirearre troch in optreden fan manlike strippers, in oplossing besykje te finen foar harren hopeleaze bestean. Probleem is dat se net dûnsje kinne, en se binne ek net echt de meast seksy jonges fan de stêd. Lykwols dogge se der alles oan om in spetterjende sjo jaan te kinnen. It stik giet oer relaasjes en freonskippen en is ôfwikseljend hilarysk en oangripend. Alles út is in Frysktalige bewurking fan de film en musical The Full Monty út 1997 en wurdt opfierd tsjin it prachtige dekor fan de Notaristún yn Jorwert. De rollen wurde spile troch amateurs út Jorwert en omkriten, ûnder begelieding fan betûfte teatermakkers.