1980 - DŻnsjende dieven

Oarspronklike titel: 'Le bal des voleurs'. Tema fan it stik is de ûnmacht fan de minske om him yn it libben te fermeitsjen en himsels te wêzen ynstee fan in rol te spyljen. De lokaasje is in Frânsk stedsje Vichy yn 1910, mei syn heilsume wetterboarnen, dêr't de Ingelske lord Edgard genêzing siket foar syn leverkwaal. Freondinne lady Hurf en har muoikesizzers Eva en Juliette hat er meinommen. Dêr't rike lju har kommen hawwe, binne ek gauris dieven te gast.