2007 - Dûbele Nelson

Noch ien kear flamje
Sneon 22 septimber
De lêste jûn Noch ien kear flamje foar in folle tribune, krekt as justerjûn, doe't it wer twarjochtingferkear wie en de spilers it publyk wol hearre koene. It spilet yn elts gefal in hiel stik lichter as mei in bats wyn de tún yn. Sels Perry krige it &quo...

lês fierder


De ein komt... it libben begjint wer!
Freed 21 septimber
Sosjaal sjoen bin ik in wrak... dat klinkt heftich, dochs is it sa. Miskien moat ik it wol efkes wat nuanseare... De fakânsje is no mear as seis wike foarby. Dat betsjut dat je it as spiler no al seis wike topdruk hawwe. Eins moat ik sizze: as meiwurker, want it tinkt my da...

lês fierder


Foar de wyn
Tongersdei 20 septimber
Foar de wyn - yn de wyn It spande der noch om juster, oft de foarstelling trochgean koe, want de berjochten, berjochten... Mar ja, it is mei berjochten krekt as mei geruchten, binne se no wier of net? Nei yntinsyf oerlis mei Piet Paulusma koe it dochs oan gean. Hielendal droech b...

lês fierder


Gurbe foar “ús tomateman"
Snein 16 septimber
Slotwurd fan de foarsitter sneontejûn: Minsken, It is net mear de gewoante dat de foarsitter de foarstelling slút. Want in moaier slot as de ein fan sa ‘n fantastyske foarstelling kinne jo net betinke. Mar hjoed is in útsûndering: want earder fan &...

lês fierder


De fonken spatte der ôf
Sneon 15 septimber
De fonken spatte der ôf As minsken al kâld wiene op de tribune justerjûn, dan klagen se oer in kâlde noas! Fierder wiene se hielendal waarm, de hannen fan it klappen, it hert fan de happy ein en de siel fan de ferruklike jûn toaniel dêr't se fa...

lês fierder


Toast of tomaat
Tongersdei 13 septimber
Toast of tomaat in the big world Wy dogge mei yn Jorwert, it wurdt suver krekt Diever of it Amsterdamske bosk. Dêr skynt it gewoante te wêzen dat de lju ûnder de foarstelling in piknik organisearje of de wynflesse nochris trochjouwe. No, Jorwert komt aardich yn ...

lês fierder


Ynterview mei Clara Rullmann,
Moandei 10 septimber
Ynterview mei Clara Rullmann, pianodosint, komponist, en poadium-minske Yn it iepenloftspul fan dit jier hat Clara Rullmann trije hiel ferskillende funksjes: it komponearen fan de muzyk û.o. de ferskes foar de musical oer Nelson, it ynstudearjen fan de lieten mei de spilers...

lês fierder


Blokhuispoarte of Long Rudford?
Freed 7 septimber
Blokhuispoarte of Long Rudford? Yn de film Lucky Break wurdt de musical holden yn de âld kapel. De akoestyk is dêr prima (dûmny woe al heard wurde) en der is romte. De kapel is ôfsletten nei de rellen fan in pear jier lyn en wurdt eins net mear ûnder...

lês fierder


Jorwert fanôf de tribune
Freed 7 septimber
Anja Steegstra (Mandy út Alles út): Jorwert fanôf de tribune Ofrûne sneontejûn ha ik nei de foarstelling fan it iepenloftspul yn Jorwert west. Ik wie de hiele dei al wat wanich yn 't liif, frjemd hoe't de Jorwert-roes je dan - ek as je net meispylj...

lês fierder


Allegearre tomaten
Tongersdei 6 septimber
Allegearre tomaten Rekwisiten kinne in foarstelling meitsje en brekke. Dat merke de mannen yn de gefangenis ek, as se de lêste seeslach fan Nelson, by Trafalgar, op de planken bringe moatte. Nelson is rekke, en dan moat der in tomaat komme, om it bloed sjen te litten. Allin...

lês fierder


It ping-pongeffekt
Tiisdei 4 septimber
Emiel Adema- Rudy It ping-pongeffekt It earste wykein is alwer foarby, de kop is der ôf. Dat giet dan dochs wer flugger as tocht. Tongersdei de premiêre, freeds hiel ferstannich frij fan it wurk, kranten keapje en dan ferfolgens de resinsjes yn beide kranten net fine ...

lês fierder


Aksje yn de tún
Moandei 3 septimber
Nei de tredde prima foarstelling op rij wie der snein yn alle rêst gelegenheid foar de buien om leech te reinen oer Fryslân. By de túnpreek fan dûmny Klooster, dy't tige te sprekken wie oer Dûbele Nelson, wie it aldergeloks wol moai droech. En moand...

lês fierder


Ynterview mei Teake Oosterbos:
Snein 2 septimber
Ynterview mei Teake Oosterbos: Gjin fûken setten, gjin iel rikke! In minske kin net alles, der sitte mar 168 oeren yn in wike en as jo dan én repeteare moatte én spikerje yn de bouploech, binne der oare, dierbere saken, dy't op in sêft sin setten wurde m...

lês fierder


De bêste foarstelling oan no ta
Sneon 1 septimber
Nei de moaie resinsjes fan Jan Eekma yn it FD en Fedde Dijkstra yn de LC (Sjoch knipsels) en de sfearfolle reportaazje fan Marijke Roskam yn Omnium (Op ús homepage te hearren) naam de ploech freedtejûn gjin tiid foar eefkes rêste op de lauweren, mar draaide der...

lês fierder


Top tút!
Freed 31 augustus
Top tút! Om healwei fiven reinde it sa fûl, dat Remko Smids yn ienkear dweiltrochwiet wie, foardat er de hiele tribune ôf komme koe om te skûljen, en René Koster hoegde de mikrofoan mar by de râne fan de tinte te hâlden om in spektakul&...

lês fierder


Yldau Bijlsma
Tongersdei 30 augustus
Yldau Bijlsma: As dochter fan de direktrise Altyd by mem op ’t kantoar yn ’e gefangenis. Dat is wol wat tryst en ûnrealistysk net? It is eins kommen nei't heit by mem wei gongen is. Mem fûn it ‘net fertroud’ at ik altyd allinnich thús wi...

lês fierder


Darren, altyd fol fjoer
Woansdei 29 augustus
Darren, altyd fol fjoer Tiisdeitejûn, de lêste try-out foar de premiêre mei de minsken fan Empatec op de tribunes. Darren, dy't yn de musical matroas David spilet, set by it repetearen altyd te gau yn. Oan no ta wie it sa dat er by de útfiering fan de mus...

lês fierder


Emiel Adema:
Woansdei 29 augustus
Emiel Adema: Dêr giet myn libben no... foar ús en Jorwert Yn july brekt foar ús iepenloftspul meastentiids de fakânsje oan. Yn sa'n earste wike frij bist bliid wer ris oan dy dingen ta te kommen dêrst al lang net mear de tiid foar hiest. Úte...

lês fierder


Annemiek Schuurman:
Woansdei 29 augustus
Annemiek Schuurman: Agressy regulaasje, woedebeheersing en dat soart fan dingen, dat is myn wurk. Ik bin Annabel en wurkje yn Long Rudford as detineardenhelp. Ik bin al jierren psycholooch en no alwer in lytse 5 jier yn dizze gefangenis. Ik kaam hjir te wurkjen nei myn skieding, ...

lês fierder


Wybo Smids
Tiisdei 28 augustus
Wybo Smids - Út de tinte... miskien is út de isolear wol mear fan tapassing. Ik bin Lenny, ik kweek tomaten... dêr bin ik gek op! Hoe dat sa komt? Ja, goeie fraach. Ik sit al in moai skoft op sel 8 yn Long Rudford, sa'n lytse 12 jier alwer. De earste jierren k...

lês fierder


De isolear isolearret noch net genôch
Tiisdei 28 augustus
De isolear isolearret noch net genôch Lenny de tomateman, dy't nochal even yn de isolearsel ferbliuwe mei, hat in fersyk yntsjinne om in tekken, omdat de termyske isolaasje fan dy rûne sel ûnder de direkteurskeamer hopeleas is. As tomatekweker hat er útso...

lês fierder


Prachtich waar op de Jorwertjûn
Snein 26 augustus
Prachtich waar op de Jorwertjûn Noch fjouwer dagen en dan is it premiêre. Dy komt moai op 'e tiid as earste fan in hiele searje foarstellings, oan 22 septimber ta. Mar gjinien fan dy kommende fjouwer wiken sil sa bannich wêze as de ôfrûne. Nei 't it ...

lês fierder


Anger-management
Freed 24 augustus
Yn de film moat Jimmy in training yn anger-management folgje. Hy docht dat en makket dêr letter noch in grapke oer nei Annabel ta, as dy har lilk makket. Allinne hoe fertale je anger management? Woede behearsking is de letterlike oersetting, mar dat klinkt net. No wie it fe...

lês fierder


Ek yn it skoft wurdt der boud
Woansdei 22 augustus
Ek yn it skoft wurdt der boud Oare jierren wie it sa dat de bouploech it foarôf en nei ôfrin fan de foarstellingsperioade drok hie mei it dekor. By de foarstellingen koene se har beheine ta lytse reparaasjes as in losse stien yn de houten muorre, en fierder soargen de...

lês fierder


Der kinne stappen setten wurde
Sneon 18 augustus
In droege jûn en dan kinne der stappen set wurde Sheriff Joe Arpaio fan Maricopa County yn Arizona, USA, (hy hat wol wat fan Perry), is in man fan prinsipes: each om each, tosk om tosk. En gefangenen, dy moatte je net yn de watten lizze, mar ûnderbringe by need yn tin...

lês fierder


de befrijende krêft fan drama
Tiisdei 14 augustus
Wylst de parrebeam hast troch bûcht ûnder de fruchten, is de lêste repetysjeperioade yngien. De tribunes steane teplak, it dekor groeit noch hieltyd, de earste ljochten gloeie oan en de mise-en-sêne wurdt definityf. Wiene der earst lûden dat it te ge...

lês fierder


Fakânsje
Sneon 14 july
Fakânsje Elkenien is útflein, opstapt, fuortriden of yn in noflike stoel delfallen om thús wer op krêften te kommen, mar sommigen binne daliks wer yn in oare rol stapt. Hjir sjogge jo Sjoerd van Beem (mei mikrofoan) en Tjerk Kooistra op de spulwikemoande...

lês fierder


Dizze wike wer folop repeteard
Tiisdei 3 july
Moandeitejûn Nei in pear dagen rêst fanwege de Jorwerter merke (Wy hiene har graach wat better waar gund!) wurdt der dizze wike wer folop repeteard, foardat tongersdei de fakânsje begjint. Hjoed is foar it earst de oergongsmuzyk derby. Clara Rullmann en Peter va...

lês fierder


Kollum Tjerk Kooistra
Sneon 30 juny
Kollum Tjerk Kooistra - spullieder In oar by deselde parrebeam Yn 2007 sil it net oars wêze as yn 2006 of 1998: by de parrebeam treffe wy inoar! No't Romke nei mear as tritich jier dermei ophâldt, feroaret der artistyk it ien en oar, mar lokkich bliuwt de rest fan de ...

lês fierder


Kaartferkeap begjint!
Sneon 30 juny
Op sneon 30 juny begjint de kaartferkeap foar Dûbele Nelson. Ferline jier is erfaring opdien mei de ferkeap fia ynternet en dat hat poerbêst foldien. Dus dit jier geane wy dy wei fierder. Dochs binne de kaartsjes ek noch gewoan te keap op in fjouwertal adressen, ntl. ...

lês fierder


De rauwe stimmen fan de matroazen
Sneon 16 juny
Troch de stille freed-te-jûn klinke de rauwe stimmen fan de matroazen. It waait net, de roeken hawwe earne oars in plakje socht en sels de hôfdowen hâlde har koest. Út en troch klinkt út 'e brede appelbeam achter yn de notaristún it hege pii...

lês fierder


Folop beweging yn de tún
Woansdei 30 maaie
Al wer sûnt begjin maaie is de ploech los yn de notaristún. It hege dekor mei de rêch in bytsje nei it keatsfjild ta, groeit alle dagen. De isolearsel sit noch ynpakt, direkteur mf Mortimer moat noch even geduld ha mei har keamer. Jûns waard earst de matr...

lês fierder