2007 - DŻbele Nelson

De befrijdende krêft fan drama (Brecht), kriget in wol hiel nijsgjirrige útwurking yn dizze moderne tragikomeedzje út 2005. It bestean yn de bak komt yn in hegere fersnelling nei't de direkteur foarstelt om wer in sjo yn te studearjen mei de kliënten. Oan de ein fan de foarstelling: Nelson de Musical, wurket it stik yn in rige fan hilaryske en ûntroerende sênes nei in tige ferrassend slot ta. In ferhaal fan fêstsitte en losbrekke, fan wanhoop en leafde, fan underdog en held, fan izeren wetten en romantyske idealen. De film 'Lucky Break' is de basis, yn Jorwert kriget it ferhaal syn eigen ynfolling, mei oare aksinten en nije mooglikheden. In dûbele Nelson, is ûntliend oan de wrakselsport, en hat krekt as de Ingelske titel meardere betsjuttings.