1990 - De tolfte nacht, of: Wat jo wolle

Oarspronklike titel: 'The twelfth night'. Sebastiaan en Viola, broer en suster, spiele nei in skipbrek oan op in eilân, mar witte fan elkoar net dat se de ramp oerlibbe ha. Viola ferklaait har as feint en komt as paazje yn tsjinst by Orsino, de hartoch fan it eilân. Viola, dy't no Cesario hjit, moat de leafde fan har baas oerbringe oan Olivia, in rike grevin. Olivia wurdt fereale op Cesario, (op Viola dus) wylst Viola yn fjoer en flam set wurdt troch de hartoch.