2022 - De Jacht

Yn ‘De Jacht’ is de haadfiguer Lex sûnt in pear jier weromkaam nei syn bertedoarp en wurket dêr as skoalmaster. Sawol yn it doarp as op skoalle is elkenien mâl mei him. Hy is nei in turbulinte tiid einlings wer hielendal lokkich. Oant it momint fan de beskuldiging. Stomslein en fol machteleaze lilkens fernimt Lex hoe’t minsken fol ôfgriis nei him sjogge, oer him prate en geweld tsjin him brûke.
It iens sa hechte en freonlike doarp feroaret yn in net te temmen, fijannich meunsterlik bist, en it libben fan Lex yn in hel.