2011 - Bohemia

Bohemia  is in tragikomeedzje oer de leafde foar de keunst en foar elkoar. It stik is ynspirearre op de ferneamde opera La Bohème en is troch regisseur Tjerk Kooistra en Jan Schotanus bewurke ta in eigen stik, passend by Jorwert en de Jorwerter tún. Yn Bohemia folg je we de striid fan Roelof, mar ek dy fan û.o. in dûnseres, in skriuwer en in sjongeres. Nettsjinsteande de ellinde en earmoed is it libben yn it kamp lykwols no en dan in feest gelyk. De keunstners ynspirearje elkoar kontinu en dat soarget foar bysûndere mominten.

Roelof is in stjer, sjonger fan in rockband, dy’t it goed docht en folle sealen lûkt. Mar de glitter en glamour, de gillende fans binne net langer dat wat Roelof ambiearret.  Hy  wol  de  muzyk  fan  syn  hert,  syn  eigen  moaie  ferskes  meitsje: lústerferskes  mei  lytse  emoasjes  yn  stee  fan  de  flammen  en  it  fjoerwurk  fan syn  hjoeddeistige  band.  Yn  syn  striid  fynt  er  syn  kollega-keunstners  dy’t, ferstjitten  fan  de  maatskippij,  besykje  de  holle  boppe  wetter  te  hâlden.  Sy wurkje bûten de bewenne wrâld, yn har eigen keunstnersenklave Bohemia. Yn al har wrakselings komme de kwaliteiten fan de ferskillende yndividuen mear en mear boppe wetter. Talint is as in diamant dy’t lang yn it tsjuster ferburgen bliuwe kin, mar úteinlik altyd troch immen ûntdutsen wurde sil.Bohemia is teater dêr’t muzyk in wichtige rol yn spilet. Net yn in musicalsetting, mar mei in flinke liveband dy’t foar de nedige show soarget én de yntime mominten kleur jout. Bohemiais in stik foar jong en âld, foar keunstners, foar keunstleafhawwers, foar leafhawwers fan it iepenloftspul, mar benammen foar elkenien dy’t in swak hat foar moai toaniel. Bohemia is in keunstwurkje... Bohemia  is in tragikomeedzje oer de leafde foar de keunst en foar elkoar. It stik is ynspirearre op de ferneamde opera La Bohème en is troch regisseur Tjerk Kooistra en Jan Schotanus bewurke ta in eigen stik, passend by Jorwert en de Jorwerter tún. Yn Bohemia folg je we de striid fan Roelof, mar ek dy fan û.o. in dûnseres, in skriuwer en in sjongeres. Nettsjinsteande de ellinde en earmoed is it libben yn it kamp lykwols no en dan in feest gelyk. De keunstners ynspirearje elkoar kontinu en dat soarget foar bysûndere mominten.