2015 - Augustus

Yn it stik komt it útinoar fallen gesin Westra nei it ynienen ferdwinen fan heit wer ris byinoar. Hoewol’t it in tiid fan rou en oertinken wêze moatte soe, ûntaardet it wersjen al gau yn rûzje en gaos om’t de bân tusken mem en dochters net al te goed is.
Dochs besykje de Westra’s har goed te hâlden: famylje is famylje en dêr moatte je alles foar dwaan; mar binne je bytiden net gewoan better ôf sûnder elkoar? Augustus is in inktswart drama, mei in humoristyske, hjir en dêr absurdistyske laach.