1995 - Anatevka / in spylman op it dak

It doarpke Anatevka mei syn joadske en Russyske ynwenners leit yn 'e buert fan Kiev. It is it ferhaal fan Tevje en syn húshâlding. It spilet yn it jier 1905, doe't de joaden yn Ruslân allegeduerigen troch it tsaristysk regear bedrige waarden fan hûs en hiem ferjage te wurden. Tevje mient dat it syn opdracht is om te beslissen mei wa't syn fiif dochters trouwe. Toand wurdt hoe’t de fromme en yntegere man meimakket dat tsjin syn sin yn, de tiden en de tradysjes feroarje.