Ynterview mei Teake Oosterbos:

Snein 2 septimber

Ynterview mei Teake Oosterbos: Gjin fûken setten, gjin iel rikke! In minske kin net alles, der sitte mar 168 oeren yn in wike en as jo dan én repeteare moatte én spikerje yn de bouploech, binne der oare, dierbere saken, dy't op in sêft sin setten wurde moatte. Ferline jier mei de slútjûn soarge Teake Oosterbos foar in moai bakje iel foar de leafhawwers; dit jier hie er ja sein om mei te spyljen en bleau de iel yn it wetter. Teake Oosterbos (Mantgum), dy't yn de begjinjierren '60 twa kear in lyts roltsje hie en ien kear figurant wie, is no sipier Barrat. Fanfarella is in titel, dy't him bybleaun is. It wie de tiid fan Piet van der Zee as regisseur. Betûfte spilers (Henk Koning, Tetty Venema) mochten aardich harren eigen gong gean, foar de lytse rollen waard elk loopke, elke draai foardien. Alles spile him ôf ûnder de grutte nutebeam, yn in bepaald ienfâldiger dekor as no. Teake wie by de ploech kommen troch syn neef en buorman, de legindaryske Teake Wagenaar, dy't sa faak yn dy jierren it publyk laitsje liet mei syn karakteristieke portret. Ek it fûkefiskjen hat Teake trouwens fan syn neef meikrigen. As der al in fergeliking mei 40 jier lyn makke wurde kin, dan is it nivo fan spyljen no dochs oer it generaal wol heger, en de technyk spilet in folle útsprutsener rol. Oan de oare kant, de oanwizingen binne fan alle jierren: Omheech spylje, de tekst moat de tribune op. Yn ús tiid fan mikrofoantsjes en fersterking hammeret de regisseur dêr like fûl op as Piet van der Zee doe. Omdat Teake fûn dat er as toanielleafhawwer der ek wat foar dwaan moast (en hy timmerman fan syn fak wie) kaam er yn 2000 by de bouploech. Bonny Bootsma woe de lieding fan it bouwen wol oerdwaan, en yn Mantgum wie it doarpshûs De Wjukken omtrint klear. Dus wie Teake Oosterbos, dy't dêr de lieding oer de bouwers hân hie, de oanwiisde persoan om yn Jorwert it minenkompleks fan de Ingelske yndustrystêd yn it stik Utblaasd, te bouwen. It wie in moaie tiid, oant er fiif jier lyn in hertoanfal krige en de lieding oerjaan moast. Dêrnei hat er dochs it bouwen wer oppakt, sûnder mear ferantwurdlik te wêzen foar it gehiel. Tagelyk kloppe syn toanielhert net minder, eins soe er noch wol ris in kear yn de tún meispylje wolle. Doe't Tjerk Kooistra dus belle mei in rol as sipier Barrat, wie er gau beret. En sa hat er dit jier in dûbelrol: hy timmere noch mei yn de bouploech, en repetearre mei de spilersploech. Aardich is yn dit ferbân, dat de hiele bouploech meidocht as figuraasje en in bewakerskostúm oan hat. Wat dat oanbelanget stiet Teake net apart fan de mannen. Mar hy moast al faker opdrave, en dat is it grutte ferskil mei bouwen: as it ris in pear dagen moai waar is, kin er no net sizze ik gean te farren. Mar dêrfoaroer steane it mei-inoar bouwe oan de foarstelling, de ynteraksje yn de ploech en it optreden foar it publyk, en dat makket dat er aanst mei in protte nocht weromsjocht op dit jier mei Dûbele Nelson. Oft de iel takom jier ek wer mei rêst litten wurdt, dat stiet noch te besjen.

« werom