Yn 'e wyn op

Snein 10 septimber

Wy spylje jûn in bytsje yn 'e wyn op, warskôge Romke by de notes. Alle kearen wer om kertier oer achten wurdt de foarstelling trochnommen. Lytse dinkjes feroarje: Jildou/Betty, jou de string wer oer oan Rienk/Dave yn de koffersêne. In oare: Graach fjouwer tellen wachtsje foardat jimme de auto it poadium optriuwe, hat mei it ljocht te krijen. De grutste feroaring sneontejûn is dat de slotdûns wer mei seis manlju dien wurdt. Dus moat de oarspronklike tekst wer weromkomme, en kloppet de koreografy op 'en nij sa't er bedoeld wie. It is eins ûnfoarstelber, hoe't noch gjin wike nei de ramp-snein alles wer op syn plak fallen is. De mearderheid fan de gasten hat net iens yn de rekken hân dat de earste (de brilmans mei de riem) en de lêste (Eddy Girard) audysjegonger troch deselde spiler delset waard. En de slotdûns, dy wie wer in lust om te sjen. Sa'n momint, as yn ienkear alle seis lange broeken de loft yn gean! It is in waarme simmertwirre dy't de frisse noardeaster yn ienkear fan de tribune jaget! In weardich beslút fan in heftige wike.

« werom