Yldau Bijlsma

Tongersdei 30 augustus

Yldau Bijlsma: As dochter fan de direktrise Altyd by mem op ’t kantoar yn ’e gefangenis. Dat is wol wat tryst en ûnrealistysk net? It is eins kommen nei't heit by mem wei gongen is. Mem fûn it ‘net fertroud’ at ik altyd allinnich thús wie. Wat fansels nergens op slacht! Fan in Au Pair of in opfang bûten skoalle woe se neat witte. Sokke minsken witte net wat goed foar in bern is, sei se. No tsjonge jonge jonge… Fanôf dy tiid bin ik bûten skoalle om altyd yn de gefangenis te finen. Ik hie leaver thús sitte wollen, mar ja, as mem wat wol, dan gebeurt dat ek sa! Ik ferfeel my soms echt dea, dêr. No’t der in nije detinearde op de ôfdieling is, hat mem har âlde selsskreaune musicals wer ris opsocht. Mem en ik binne beide gek op musicals! Earst begriep ik it ek net echt, mar it blykt dat dy detinearde ek fan musicals hâldt, en fan mem har leafde ôfwist! Se wolle mei in musical yn ’e gefangenis oan de gong, en ik mei ek wol mei wat dinkjes helpe. Echt te gek liket my dat! Einlings wer ris wat leven yn ’e gefangenis. Fanút it kantoar sjogge je direkt op alle sellen út. Ik sjoch faak ris efkes nei al dy gefangenen dy’t dêr dan mar wer sitte te niksen. Ik ha it dan wol te dwaan mei dy minsken, al wit ik fansels net wat se allegearre útfretten hawwe. Mem seit altyd dat ik neat mei dy minsken te meitsjen hawwe mei, en dêrom ha ik ek myn eigen ‘privee’-bewaker. Ik fyn it allegear mar wat oerdreaun, en mei dan ek graach sa no en dan de regeltsjes fan mem ris efkes oertrede. Mar pssst... dat bliuwt tusken ús, hen! Sa’n baan as mem soe ik noait ha wolle. Ik sil har taak dan ek net oernimme. It is safolle wurk, en wat berikke je der no mei? Lit my mar ‘echt’ karriêre meitsje, en dan net as baas fan ’e gefangenen, want sis no sels; wat is dêr no belangryk oan?

« werom