Wy moetsje elkoar yn 2020 net

Tiisdei 28 april

Wy moetsje elkoar yn 2020 net ûnder de parrebeam

Alhoewol’t de repetysjes al online úteinsetten wiene, is besletten om it stik ‘#freonen?!’ dit jier net te spyljen. De situaasje dêr’t we op dit stuit yn libje, lit it net ta om byinoar te kommen om te repetearjen of te bouwen. Dêrnjonken is it noch hiel ûnwis hoe’t dat yn septimber wêze sil.

Wol wolle wy jo tasizze dat wy takom jier mei in stik op ‘e planken komme sille dat folle tribunes fertsjinnet. Yn it neijier fan 2021 spylje wy it ‘dolkomyske’ #freonen?!  It giet oer fiif bêste maten dy’t alles fan elkoar tinke te witten, mar as se beslute yn elkoars telefoan te sjen, blykt dat bepaald net sa te wêzen. In prachtich ferhaal, ynspirearre op de Italiaanske film ‘Perfetti sconosciuti’, dat hiel herkenber is en fanwege syn hast kluchtige humor, echt in stik om hooplik even alle ellinde en krisis achter je te litten.

« werom