Wurk oan de Snitserdyk - N354

Tongersdei 31 augustus

Ynkoarten nei Jorwert?
Tinke jimme der dan oan dat de Snitserdyk, de N354, in skoft net alle oeren fan de dei brûkt wurde kin? It part fan Reduzum oant Dearsum fan de Snitserdyk is ticht tusken 19.00 en 06.00 oere fan 4 - 9 septimber én fan 11 - 16 septimber.
It krúspunt by de Blauwe tent en de rotonde by Dearsum bliuwe wol iepen.
 
Dit betsjut dat je twa wiken efterinoar op jûntiid net fia Easterwierrum nei Jorwert ride kinne.
« werom