We binne los!

Tongersdei 15 april

Begjin april is it Iepenloftseizoen fan Jorwert 2021 útein setten mei in online Quiz-Bingo. Regisseur Tjerk Kooistra fertelde dizze jûn oer it stik dat we dit jier spylje: #freonen?! (hest-ek-freonen?!) en alle frijwilligers krigen alfêst te sjen hoe’t it dekôr der dit jier út komt te sjen. It belooft in dolkomysk spektakel te wurden dit jier, dêr oer letter mear.

Fansels binne wy efter de skermen altyd dwaande, ek yn coronatiid, mar sûnt in wike binne de (foarearst ‘online’) repetysjes ek los en is der in start makke mei de bou fan it dekôr.

Der is dit jier ek in audysjeronde, om’t wy foar ien rol noch in frou tusken de 20 en 35 jier sykje. Op de oprop foar tonielspylsters út dizze leeftydskategory is al soad reaksje kaam, ynkoarten begjinne de audysjes.

We hâlde jim op ‘e hichte fan alle ûntwikkelingen en hoopje jimme oan de ein fan ‘e simmer yn de Notaristún te moetsjen.

« werom