Us kaartferkeap is iepen!

Tongersdei 2 febrewaris

It Foarfal is de Jorwerter bewurking frij nei it boek Het wonderlijke voorval met de hond in de nacht fan Mark Haddon. It ferhaal giet oer in jonge fan 15. Hy hat it syndroom fan Asperger, in foarm fan autisme. De jonge ken alle lannen fan de wrâld mei harren haadstêden en alle prymgetallen oant 7507 út ’e holle. Mar mei grapkes wit er him gjin rie. Nea komt er allinne de strjitte út, mar as de hûn fan de buorfrou fermoarde wurdt, wol er de wrâld yn. It publyk giet mei op syn reis, op syk nei de moardner fan de hûn en mei yn alles wat er ûnderweis belibbet.

www.iepenloftspuljorwert.nl/kaartverkoop

De telefoanyske kaartferkeap is iepen fan 19.00-20.00 oere op telefoannûmer 06-31408946.

« werom