Toast of tomaat

Tongersdei 13 septimber

Toast of tomaat in the big world Wy dogge mei yn Jorwert, it wurdt suver krekt Diever of it Amsterdamske bosk. Dêr skynt it gewoante te wêzen dat de lju ûnder de foarstelling in piknik organisearje of de wynflesse nochris trochjouwe. No, Jorwert komt aardich yn de buert, want ûnder it twadde bedriuw waarden op de tribune entûsjast toastjes smard en rûnparten yn de eigen rige. Allinne spitich dat it wol wat kreaket en foar de rest fan it folk lichtlik yrritant wêze kin. Hoe siet it ek wer mei de straffen dit jier? Moaie jûn oars, mei de hiele dei droech waar foar de feroaring. En wat in prachtige stjersêne fan Nelson jûns, mei dy tomaat yn de haadrol. Dit is toaniel yn toaniel yn toaniel, en sa kriget de hubris pomodoris nei't er by Cliff yn de mûle, by Lenny yn de sok, by Marian yn de mûle en by Annabel yn har hert sitten hat, syn einbestimming as skotwûne by Jimmy/Nelson. De tomaat hat wolris in negativere rol spile by it toaniel!

« werom