Sjong mei yn it koar fan Iepenloftspul Jorwert

Tongersdei 17 maaie

Kinst goed sjonge en liket it dy moai om mei de akteurs fan Jorwert dit Kulturele Haadstêdjier op ‘e planken te stean? Iepenloftspul Jorwert siket sjongers foar it koar dat spesjaal gearstald wurdt foar de foarstelling De famylje Bellier.

Muzyk en it koar yn ‘e foarstelling

Mei De famylje Bellier bringt Iepenloftspul Jorwert in moderne klassiker op ‘e planken wêryn’t muzyk, humor, drama én fernijing in sintrale rol hawwe. Muzyk fan Ramses Shaffy & Liesbeth List nimt it publyk by De famylje Bellier mei fan ôflevering nei ôflevering en soarget foar in Netflix-tried yn it iepenloftspul. Foar de gelegenheid binne nûmers út it repertoire fan Shaffy en List spesjaal en opnij arranzjearre. Yn De famylje Bellier spilet it koar dan ek in grutte rol; yn elke ôflevering stiet ien fan de nûmers sintraal.

Repetysjes en foarstellings

De muzikale lieding is yn hannen fan Jorrit Laverman. Jorrit hat de arranzjeminten makke en begeliedt de repetysjes. De 9 ferskes dy’t it koar sjongt binne fan Ramses Shaffy mei in hjoeddeistige poptwist.  

De repetysjes binne op snein 24 juny, 13.00–16.00 oere. En nei de simmer fan 16 augustus ôf ûngefear 3 repetysjes yn ‘e wike (jûns en sneons).

De foarstellings binne yn septimber. De premjêre is op 1 septimber en de lêste foarstelling op 29 septimber. It is de bedoeling datst safolle mooglik by de repetysjes en foarstellings oanwêzich bist. Mochtest in datum net kinne, dan is oerlis mooglik.

Alle koarleden krije de muzyk, do hoechst gjin blêdmuzyk lêze te kinnen.

Opjaan

Wolst graach meidwaan oan dizze spesjale foarstelling, dan kinst dy opjaan troch uterlik 25 maaie in mail te stjoeren nei: koar@iepenloftspuljorwert.nl. Jou by dyn opjefte troch wat dyn sangstim is (bas, tenoar, alt of sopraan).

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme mei: Jildou Tjoelker, tel. 06- 390 503 58.

« werom