Rein op de tinte

Tongersdei 7 septimber

Wat is der moaier as de fjirde foarstelling spile te hawwen yn in soele en stille neisimmerjûn en dan om tolve oere nachts eefkes de rein op de tinte te hearren! Rôp der ferline jier noch wolris in lette ljip troch de foarstelling, dit jier ha wy him yn de tún noch net heard. Wol fljocht der in inkelde kear in mosk? protter? achter troch it dekor en sjogge je in donkere skym oer de projeksjebylden hinne wynderjen. Hinderlik is it absolút net, dat wy litte de sjamme (nee dat is gjin luchtbuks, mar in fûgelferskrikker) noch mar even yn it hok. 'Ik ha it swit op 'e rêch,' sei ien út in ploechje fan fiif froulju dy't har ta de teannen út fermakke hiene, by it ôfdalen fan de trep. 'Ja dy mannen, dêr wurdst waarm fan, hen,' antwurde de freondinne. Soene se aanst ek sa mei har fiven foar de spegel stean yn de húskes? Altyd leuk om âld-spilers te treffen: 'Nee, ik wie net ûnwennich fan it Iepenloftspul, mar as ik dit sjoch...'

« werom