PremiÍre kriget syn fertsjinne waar!

Sneon 2 septimber

"Ik laitsje net gau lûdop, mar no lake ik my bytiden ûnder de banken! Wat in foarstelling!" Samar ien fan de reaksjes justerjûn op de libbene premiêre út it publyk. Foar de spilers wie it heftich omdat de lêste repetysjewike pleage waard troch buien en reinwetter. Ferline wike sneon wie de lêste probleemleaze trochloop. En no spile it waar mei, de gasten rieden ûnder in prachtige jûnsloft nei Jorwert ta, en as de súdwestewyn de lju alris eefkes kâld om 'e knibbels luts, dan waarden se wol waarm fan it stik! "Ik wurd hjir hielendal fleurich fan!" En sy wie net de iennichste. Fansels set it stik de minsken wol oan it tinken, je ha situaasjes, dêr't je bûten je skuld yn fersille rekke binne, dêr't je gjin útwei yn sjogge, en wol tsjin de muorren op fleane wolle (Hee, no wit ik wêrom't dy O'Connor-loop fan Eddy deryn sit!) mar de fearkrêft wint it, en dat gefoel oerhearsket oan de ein. Moai dat Sjoerd van Beem syn skouder wer sa fier wie, dat er de slotdûns synchroon meidwaan koe.

« werom