Parsepresintaasje 'De famylje Bellier'

Freed 6 july

Op it boerehiem fan Auke en Rennie Stremler presintearre ôfrûne tongersdei Iepenloftspul Jorwert de cast & crew fan it stik ‘De famylje Bellier’. Yn oerienstimming mei de reade tried út de foarstelling, stiene de spilers op it hiem fan in biologyske boer. Tusken de wjerkôgjende blierkoppen en de roppende skriezen fertelde sawol boer Auke as regisseur Tjerk Kooistra oer dat wat harren dwaande hâldt.

,,De famylje Bellier is in iepenloftspul, mar je soene it ek in soarte fan Netflix-searje neame kinne. Wy jouwe yn sân ôfleveringen in ynsjoch yn it libben fan Famke en de famylje Bellier. Biologysk buorkjen tsjinoer megastâlen, it koar tsjinoer in dôfstomme famylje; alles meielkoar soarget foar in dramasearje yn sân dielen mei in soad wille en de noadige dramatyk. It belooft in grut spektakel te wurden,” sa sei Kooistra.

« werom