Noch ien kear flamje

Sneon 23 septimber

Apoteoaze Noch ien kear flamje, noch ien kear geniete, noch ien kear Alles jaan foardat Alles út giet. Dat wie de ynset en opdracht foar de lêste foarstelling fan 2006. Waard de premiêre troch Romke Toering opdroegen oan syn frou Annigje omdat dy der foarearst net by wêze soe, no trije wike letter koe se aldergeloks dochs noch yn de tún wêze om de ôfskiedsfoarstelling by te wenjen. It waard in yndrukwekkende jûn: healwei it earste bedriuw reinde it der sa mar hinne om elkenien even fiele te litten dat it yn Jorwert om iepenloftspul giet. Mar nei tsien minuten wie it ek wer oer en yn de waarme hjerstjûn hie gjinien echt lêst fan de wiette. De slotdûns stie as in hûs, en ek dizze lêste kear wurken de stripbroeken en -strings perfekt! Alles wie út, tiid foar de nei-film. Omkadere troch bylden út tritich jier foarstellingen hold Romke syn "lêste preek", dêr't er persoanlik werom blikte op syn lange loopbaan yn de notaristún. Út namme fan de spilers bea Tjerk Kooistra him in replika fan De Ferteller oan, it byld dat Hanneke Roelofsen yn 2003 foar Jorwert makke hat. Tapasliker koe hast net, want joech Romke sels net oan dat it hieltyd wer it fertellen fan it ferhaal wie, dat him as regisseur foar eagen stie? Nei in lange, steande ovaasje einige de foarstelling sa't it heart, mei fjoerwurk! Jorwert 2006 is histoarje, op nei 2007. En it wie noch lang gesellich en rumoerich yn de tinte. Germ Stenekes lei yn in kabaretteske taspraak de almacht fan Romke as regisseur ûnder de loep en bea him ta beslút in jong bibeltsje oan.

« werom