Kaartferkeap begjint!

Sneon 30 juny

Op sneon 30 juny begjint de kaartferkeap foar Dûbele Nelson. Ferline jier is erfaring opdien mei de ferkeap fia ynternet en dat hat poerbêst foldien. Dus dit jier geane wy dy wei fierder. Dochs binne de kaartsjes ek noch gewoan te keap op in fjouwertal adressen, ntl. by kafee Het Wapen van Baarderadeel yn Jorwert, by Warenhuis Van der Velde yn Wommels by it VVV-kantoar yn Ljouwert en it VVV/ANWB-kantoar yn Snits. N.B. By it kafee yn Jorwert graach kontant betelje, jo kinne dêr net pinne.

« werom