Jorwert fanôf de tribune

Freed 7 septimber

Anja Steegstra (Mandy út Alles út): Jorwert fanôf de tribune Ofrûne sneontejûn ha ik nei de foarstelling fan it iepenloftspul yn Jorwert west. Ik wie de hiele dei al wat wanich yn 't liif, frjemd hoe't de Jorwert-roes je dan - ek as je net meispylje- toch wer yn de besnijing hat. Ik soe dan ek al hast it doarp wer ynride en myn auto achter de pleats fan Castelein parkeare, mar dat mocht no net fansels, hahaha, jammer Emiel! Nei in skoftke wachtsjen yn de tinte koenen we dan plak op de tribune nimme. Wow, wát in dekor!! Ik sjoch in pear bekenden al yn it dekor sitten en ken my noch krékt ynhâlde om net te swaaien en "sukses" te roppen, de minsken binne al yn 'e rol fansels. O, wat is dit wer leuk! Wat hearlik dat ik myn "VOLUME en ENERGIE" allinnich mar hoech te brûken om te laitsjen, te genietsjen én te klappen. Ik ha genoaten fan de spilers, dy't ien foar ien allegear goed wienen, haadrol of net. It plaatsje wie prachtich, de oanklaaiïng wer skitterend en de leuke betinksels fan lytse grapkes, de lytse dinkjes wêrfan ik de betinker derfan altyd bewonderje, inderdaad, hóe betink jo it! Ik ha, ék nei de tiid yn it kafee in prachtjûn hân. It wersjen mei guon minsken, it âlderwetsk gnizen, hearlik. En, it begint by mij no ek te kriebeljen, noch 14 dagen, dan mei ik ek wer!!

« werom