Jentsje Popma skinkt ús syn jildpriis!

Freed 3 desimber

It bestjoer fan it Prins Bernhardkultuerfûns fûn dat by it tema foar de Fryske Anjer fan dit jier, byldzjende keunst, Jentsje Popma de priis krije moast. Popma is al jierrenlang it ikoan fan de byldzjende keunst yn Fryslân, mar hy hat dochs net in soad prizen wûn. Hy krijt de Anjer foar syn mearsidigens as byldhouwer, glêsartyst en skilder en foar syn ynset foar de nije generaasje. De 100-jierrige Popma krige 30 novimber yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert de Fryske Anjer en in jildpriis fan 5000 euro útrikt troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok, dy't ek foarsitter is fan it Kultuerfûns.

De 5000 euro hat Popma fuortendaliks skonken oan it Jorwerter Iepenloftspul. Wy binne hjir hartstikke bliid mei en sille in passende bestimming sykje foar it ûntfongen bedrach.

Foarsitter Harry Kaspers wie oanwêzich by de útrikking en wie tige ferrast.
Hy is dêrnei by Jentsje Popma op besite gien om him nochris te lokwinskjen en te betankjen foar syn golle jefte.

« werom