Folop beweging yn de tún

Woansdei 30 maaie

Al wer sûnt begjin maaie is de ploech los yn de notaristún. It hege dekor mei de rêch in bytsje nei it keatsfjild ta, groeit alle dagen. De isolearsel sit noch ynpakt, direkteur mf Mortimer moat noch even geduld ha mei har keamer. Jûns waard earst de matroazedûns út de musical ynstudearre en rûn dûnsynstruktrise Ingrid Stoepker der tsjinoan dat net elkenien yn it leger of by de marine west hat. Fierders sit alles goed op skema, de ploech is kompleet en it waar wurket oan no ta bepaald net tsjin. Webside De webside krijt in nij jaske ynkoarten, it gasteboek komt yn spamfrije ferzje werom en foar de spilers wurdt in apart hoekje ynromme foar hús- en ynhâldlike meidielings.

« werom