Ekstra foarstelling op 19 septimber

Freed 8 septimber

Ekstra foarstelling!

Troch alle oerweldigjende reaksjes reitsje ús foarstellings útferkocht. Om

eltsenien de kâns te jaan ‘It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht’ te ûndergean, spylje wy op 19 septimber in ekstra foarstelling!

Wês wis fan kaarten:
Ynternet: www.iepenloftspuljorwert.nl
Telefoanyske kaartferkeap: Tusken 19.00-20.00 oere op telefoannûmer
06-31498946
Oan 'e doar: Foarôfgeand oan de foarstelling oan 'e doar

De Rabobank-jûn wie folslein útferkocht, mar woene jo dochs graach gebrûk meitsje fan de spesjale Rabobank-ledekoarting? Dat kin: tiisdei 19 septimber kinne jo ék gebrûk meitsje fan dizze aksje.

 

Tinke jimme der oan dat de Snitserdyk, de N354, jûns nei 19.00 oere gauris ôfsletten is tusken Dearsum en Reduzum?

« werom