Ek yn it skoft wurdt der boud

Woansdei 22 augustus

Ek yn it skoft wurdt der boud Oare jierren wie it sa dat de bouploech it foarôf en nei ôfrin fan de foarstellingsperioade drok hie mei it dekor. By de foarstellingen koene se har beheine ta lytse reparaasjes as in losse stien yn de houten muorre, en fierder soargen de manlju dat it publyk feilich te plak en wer fan de tribunes kaam. Dit jier sil dy begelieding miskien noch wol fierder gean (mar dêroer kinne no noch gjin meidielings dien wurde), der moat ek alle kearen wer boud wurde. Yn it skoft feroaret it dekor flink en dus moatte de hannen út de mouwe. Tagelyk hâldt it yn dat foar (of nei) de foarstelling alles wer yn oarspronklike steat werombrocht wurde moat. It is dan ek mar moai, dat der wer in hiel nustje nije bouwers oantreden binne. Benammen de komplete ploech Jorwerters, dy't âlde rotten as Johannes Adema en Willem Osinga no bystiet, is in oanwinst foar it Iepenloftspul. De mannen binne op alderhanne mêd betûft (sa lasket Theun Siderius alles wat los sit fêst) en se binne wol hiel geregeld yn de tún te finen. Je gunne se fansels better waar as justerjûn, doe't se de saak yn de rein ombouwe moasten, wêrnei't de spilers dochs wer aardich droech in hiel ein fan it lêste bedriuw repeteare koene.

« werom