De wet fan Murphy

Tongersdei 14 septimber

 It moaie fan technyk is dat it omtrint ûnbegrinzge mooglikheden jout. It ferfelende is dat dat ek yn it negative jildt: Alles dat fout gean kin, giet in kear mis! Dat fenomeen stiet bekend as de Wet fan Murphy. Net dat it justerjûn radikaal mis gong mei de technyk, al hapere de reekmasine in amerij om panyk te saaien, nee... En der is ek altyd ien dy't mient dat syn telefoan net út hoecht, mei alle gefolgen... Mar wa betinkt no dat ek in tv-stjoerder hielendal út Dútslân wei in bromtoan ûnder in mikrofoan sette kin? En dochs barde dat op dy wûndersoele neisimmerjûn! It wurdt de heechste tiid dat al dy analoge sinders út de loft geane; ha wy dêr yn elts gefal gjin lêst mear fan.

« werom