De isolear isolearret noch net genôch

Tiisdei 28 augustus

De isolear isolearret noch net genôch Lenny de tomateman, dy't nochal even yn de isolearsel ferbliuwe mei, hat in fersyk yntsjinne om in tekken, omdat de termyske isolaasje fan dy rûne sel ûnder de direkteurskeamer hopeleas is. As tomatekweker hat er útsoarte dûbeld lêst fan de kjeld. Yn in sfearfolle, stille jûn koene moandeitejûn puntsjes op i's setten wurde. Dêrnjonken is de ein nochal feroare, in hiele sêne is der út. Wel, hjir jildt it (te faak te ûnpas brûkte) sitaat: 'Less is more' (Mies von der Rohe, de architect). Troch de beheining kriget it ferhaal in dramatyske spanning, dy't nei in logysk slot ta giet. De lette ljip fan it sportfjild (hy wie der wer nei in jier fan ôfwêzichheid yn 2006) jubele syn 'piuwyt wyt wyt' ferromme oer Jorwert út: Gjin helikopter te bekennen.

« werom