De fonken spatte der ôf

Sneon 15 septimber

De fonken spatte der ôf As minsken al kâld wiene op de tribune justerjûn, dan klagen se oer in kâlde noas! Fierder wiene se hielendal waarm, de hannen fan it klappen, it hert fan de happy ein en de siel fan de ferruklike jûn toaniel dêr't se fan genoaten hiene. Der siet net allinne letterlik mear fjoer yn, - Darren boartet no yn de begjinsêne dalik al mei in oanstekker, dat Roger him beskermje moat tsjin Perry -, ek figuerlik lôge de foarstelling daliks as in liere. Prachtich om te sjen, hoe't der noch wer trochboud wurdt, alle kearen op 'en nij. Teksten oanpast, hjir in telefoankaart ekstra om de oandacht te fokusjen, dêr even in rêstpauze ynbouwe, dat de betsjutting goed oerkomt, de mise-en-sêne noch wer in bytsje oars, elke stap tefolle is tefolle, of der moat krekt noch in beweginkje by, sadat it dûnsjen fan Ward teplak falt... It stik is nea ôf! Fassinearjend is it dan om te sjen, hoe't dy oanwizings ek allegearre dalik yn praktyk brocht wurde. It tekenet de gedrevenheid fan de ploech. En de lytse echootsjes fan gefangenissênes dy't weromkomme yn de musical: Ferdomd, it publyk pakt de link op! Benijd wat der jûn noch feroare wurde kin!

« werom