De bêste foarstelling oan no ta

Sneon 1 septimber

Nei de moaie resinsjes fan Jan Eekma yn it FD en Fedde Dijkstra yn de LC (Sjoch knipsels) en de sfearfolle reportaazje fan Marijke Roskam yn Omnium (Op ús homepage te hearren) naam de ploech freedtejûn gjin tiid foar eefkes rêste op de lauweren, mar draaide der de bêste foarstelling oan no ta út: skerp, de djipte yn en hielendal los yn it spyljen. En wylst op oare plakken yn de provinsje nochal ris in bui foel, hiene wy yn Jorwert wer in stille, droege jûn.

« werom