de befrijende krêft fan drama

Tiisdei 14 augustus

Wylst de parrebeam hast troch bûcht ûnder de fruchten, is de lêste repetysjeperioade yngien. De tribunes steane teplak, it dekor groeit noch hieltyd, de earste ljochten gloeie oan en de mise-en-sêne wurdt definityf. Wiene der earst lûden dat it te gesellich waard yn ús finzenis, (in klacht dy't wol mear heard wurdt yn de maatskippij), mei de automatysk tichtklappende seldoarren en de treasteleaze klean en treurige sloffen kriget it libben achter de traaljes syn wiere gedaante en beseffe je de befrijende krêft fan drama (Brecht).

« werom