Anger-management

Freed 24 augustus

Yn de film moat Jimmy in training yn anger-management folgje. Hy docht dat en makket dêr letter noch in grapke oer nei Annabel ta, as dy har lilk makket. Allinne hoe fertale je anger management? Woede behearsking is de letterlike oersetting, mar dat klinkt net. No wie it fenomeen yn dy snuorje geregeld yn it nijs: Naomi Campbell hie immen in mobile telefoan nei de holle smiten en om't mefrou alris earder wat opljeppen west hie, lei de rjochter har in taakstraf op. Mar omdat dat dochs wol wer strjitfeien mei in bende fotografen der omhinne wurde soe, moast se ek meidwaan oan in cursus anger management. Lit no yn dyselde wike op it nijs wêze, dat de rjochter yn Grins in pear knapen feroardiele ta it folgjen fan lessen agressy regulaasje! Dat bekt lekker! Agressy regulaasje. Fansels moat ús Perry, de haadsipier, dêr neat fan hawwe. Dy stiet leaver yn de tradysje fan gûverneur Rick Perry fan Texas, dy't ôfrûne tiisdei gjin inkele muoite hie mei de 400ste eksekúsje sûnt it wer ynfieren fan de deastraf yn syn Steat yn 1976. Ynrekkenje en ôfrekkenje mei dy hap!

« werom