Aksje yn de tún

Moandei 3 septimber

Nei de tredde prima foarstelling op rij wie der snein yn alle rêst gelegenheid foar de buien om leech te reinen oer Fryslân. By de túnpreek fan dûmny Klooster, dy't tige te sprekken wie oer Dûbele Nelson, wie it aldergeloks wol moai droech. En moandei 3 sept. presintearre de Fryske skoalleradio en -televyzje it nije skoaljier yn de skitterjende ambiânse fan de notaristún. Hast 600 bern befolken de tribunes, in kleurryk spektakel fan entûsjaste jonges en famkes, dy't sawol opnamen foar de skoalleradio, as de televyzje meimakken. Op tiisdei 11 septimber om 9 oere kinne jo it resultaat hearre. Op dyselde tiisdeis, mar dan om 11 oere op Ned3 Z@ppelin, is it te sjen. Op de fotoside fine jo in stikmannich opnamen fan it gehiel. Wa't goed sjocht, werkent Lizzy (Yke Koopmans) út Dûbele Nelson tusken de bern, wylst ek Roger, 'Sorry, mar as gjinien der beswier tsjin hat, dan woe ik graach kening George III spylje' (Oane Swart), fan de partij wie. Syn dochter Marieke waard ynterviewd, foardat se in ferske út in tv-program song. Ek Piet Paulusma kaam noch oan it wurd. Hy hie foar de kommende wike(n) moai waar yn de planning.

« werom