Slagge eksperimint Jorwert


De 49ste edysje fan it iepenloftspul fan Jorwert is in apart ferhaal. Fan ’t jier wurdt dêr de klassiker De feint fan twa masters fan Carlo Goldoni oer de fuotljochten brocht. Dat ieuwenâlde stik is foar de opfiering yn Jorwert yn in ultramodern jaske stutsen. Dat is efkes wennen, sa’t woansdietejûn by de premiêre bliken die. Mar dochs slacht it stik ek yn dizze aparte útfiering oan. Dit Jorwerter eksperimint, om it sa mar te neamen, mei dus slagge neamd wurde. It is mei al dy Italjaanske nammen wol efkes in toer om yn it ferhaal te kommen. Mar al rillegau wurdt it measte je wol dúdlik en begjint dit stik as in trein te rinnen. Der wurdt sterk yn aktearre, der sit prachtige humor yn en temperamint dat echt Italjaansk oandocht. It stik giet oer in feint dy’t twa hearen tsjinnet. En fierders giet it oer leafde, hertstocht, ûntrou, oergeunst, jild en wat al net mear. It is in blijspul út 1749, dat noch hieltyd besjen lije kin. Ek yn dizze eksperimintele foarm. Toeristekoarke It binne net allinnich de muzyk, de lûden en de lieten dy’t dizze ferzy fan De Feint sa apart meitsje. De bewegingsgroep en it toeristekoarke drage ek flink by oan dat aparte karakter. Mar ek it dekor is oars as oars. Grutte wite gerdinen, dêr’t tidens de foarstelling omraak mei skood wurdt, foarmje in wichtich ûnderdiel fan it toanielbyld. It ien en oar smyt in moai sjochspektakel op, mar der sit ek in neidiel oan. It bart yn dizze foarstelling ferskate kearen dat troch ien of mear fan dy gerdinen it sicht op spilers en sênes ûntnommen wurdt. In oar kritykpuntsje kin wêze, dat guon sênes krekt wat te lang binne en net hieltyd boeie. Dat is bygelyks krekt nei it skoft it gefal. It gedoch mei de tafelyndieling wurdt nochal breed útmetten en dat jildt ek foar it gerin mei de iterij. Dat is allegear bêst grappich, mar it is wol in soad fan itselde, sadat it suver wat flau driget te wurden. Mar gelokkich krijt it publyk letter op ’e jûn ek noch kostlike koarte grapkes te hearren mei imitaasje fan bistelûden en oare healwizichheden. Soks makket wer in soad goed. Maklik sukses Jorwert hat in namme heech te hâlden as it om iepenloftspullen giet. Alles wie altyd útferkocht en in Jorwerter stik moasten je sjoen hawwe om meiprate te kinnen! Mar de Jorwerter ploech hat fan ’t jier net de wei fan in maklik sukses socht. Der waard in nije útdaging oangien en dat is bêst moedich. It is mei dit eksperimint knap beteard en gelokkich bleau it op ’e premiêrejûn sa goed as droech. Ek de bou fan in tydlik perron yn Jorwert hat fertuten dien. Nei ferwachting komme fan ’e jier sa’n tûzen besikers mei de trein nei it Jorwerter iepenloftspul. EIZE DE BOER Plak: notaristún Jorwert. Barren: premiêre iepenloftspul 'De feint fan twa masters', fan Carlo Goldoni. Oersetting: Jan Schotanus. Rezjy: Romke Toering en Marijke de Vlas. Muzyk: Peter Sijbenga en Sytze Pruiksma. Dekorûntwerp: Durk Kramer. Belangstelling: 750 minsken (útferkocht). Bysûnderheden: noch alve foarstellings oant 14 septimber, alles útferkocht




Friesch Dagblad -