'Alles ˙t' weardich ˘fskied fan Romke Toering


Door Sietse de Vries

Jorwert - Bewurkingen fan films binne populêr by de iepenloftspullen yn Fryslân. Nei de toanielferzjes fan 'Brassed Off' en 'Shakespeare in love' docht Jorwert mei 'Alles út' foar de tredde kear in taast yn de resinte filmskiednis. Opmerklik dêrby is de foarkar foar Ingelske sosjale komeedzjes. Gie 'Brassed Off' oer wurkleaze mynwurkers dy't mei de jacht op muzikaal sukses har selsrespekt weromwinne, 'The Full Monty' draait om in ploechje wurkleaze stielarbeiders dat him opponearret as manlike strippers. Strippe is in stik minder serieus as yn in brassband spylje en dat is yn de film en de foarstelling werom te finen. Fan de lilkens en it sentimint dy't 'Brassed Off' ta in protest tsjin de Britse sanearingspolityk fan de jierren tachtich makken, is yn 'The Full Monty' net folle werom te finen. De sluting fan de stielfabriken yn Sheffield wurdt presintearre as in útmakke saak, de film en de foarstelling toane hoe't de wurkleazen yn har ellinde de kop derfoar hâlde. Mar 'Alles út' bliuwt net, lykas yn mannich feelgood-movie, stûkjen yn it ienfâldich boadskip dat in minske alles berikke kin as er mar wol. Fan it begjin ôf is it dúdlik dat Jerry en syn maten de fergeliking mei de Chippendales op gjin stikken nei trochstean sille. Mar om't se dat sels better witte as gjin oar, nimt de taskôger har - nettsjinsteande alle geknoffel - serieus en libbet er mei har mei. Se meitsje har, as se de stripact nei alle tsjinslach dochs trochsette, net bespotlik foar de eigen froulju en oare kunde oer, nee, se krije wurdearring om't se de skamte foar de eigen tekoartkommingen oerwûn ha. Se litte har publyk, manlju en froulju, diele yn it gefoel dat in minske sjen litte mei wa't er is, ek al foldocht er net oan de alderheechste Hollywoodnoarmen foar in perfekt liif. En ek al hat er gjin wurk. In iepenloftspul lient him minder foar de nuânse yn it útbyldzjen fan stimmingen en gefoelens as de film. yn it begjin fan 'Alles út' binne it lykwols net de akteurs, mar is it de tekst dy't de nuânse fan de film mist. Ûnderlizzende gefoelens fan ûnmacht en minderweardigens dy't yn de film ymplisyt yn it ferhaal oanwêzich binne, wurde yn Jorwert planút ferwurde. Mar as ienkear dúdlik is hoe't de ferhâldingen der hinne lizze, lit ek Jorwert it ferhaal fan de seis wurkleaze arbeiders foar himsels sprekke. Wat in iepenloftspul op film foar hat, is dat komyske sênes oant yn it healwize útfergrutte wurde kinne, sûnder dat soks de leauweardigens fan de personaazjes en it ferhaal daliks oantaastet. En dêr makket Jorwert tige fakkundich gebrûk fan. Sênes dy't yn de film goed binne foar in glimke, liede yn 'Alles út' ta grutte hilariteit. Tige sterk is ek de foarmjouwing. Projeksjes om op in maklike manier dekorwikselingen ta stân te bringen wurde withoefaak yn it teater brûkt, mar net faak bart dat sa moai en sa effektyf as yn 'Alles út'. Regisseur Romke Toering nimt op in weardige manier ôfskie fan it Jorwert dat er in fearnsieu sa trou en mei safolle ynset tsjinne hat. Sietse de Vries




Leeuwarder Courant -