Boeiend jubileumstik Jorwert


Door JAN JONGSMA

Justerjûn gong yn de Jorwerter notaristún foar de fyftichste kear in iepenloftspul yn premiêre. As jubileumfoarstelling hawwe de Jorwerters keazen foar in stik, wêryn't toaniel in sintraal plak ynnimt: in bewurking fan de film Shakespeare in love . De teksten fan Mark Norman en Tom Stoppard binne yn it Frysk oersetten troch Jan Schotanus en it stik krige as titel ‘Ik wol spylje’. It ferhaal spilet him ôf yn it Londen fan 1593 yn de tiid fan keninginne Elisabeth I, mar yn dizze bewurking hjir en dêr wol mei in knypeach nei ús iid. Haadpersoan is William Shakespeare, dy’t Stratford ferruile hat foar Londen, de stêd mei konkurrearjende téaters. Fanwege de pest binne dy lykwols sletten en de selskippen binne twongen om op te treden ‘yn herbergen en notaristunen’, mei in knypeach nei Jorwert. As de téaters wer iepen gean, moatte der nije stikken komme en ien fan de téater eigners set Shakespeare dan ek ûnder druk om in stik te skriuwen. Mar hy kin gjin letter út ‘e pinne krije. De oare haadpersoan is de keapmansdochter Viola de Winter, in frou dy’t wit wat se wol. Har idealen lykje op meardere fronten ûnberikber. Yn it foarste plak is se sljocht op poëzij en toaniel en dan spesjaal op it wurk fan Shakespeare. Minlike graach soe se sels op it toaniel stean wolle, mar toanielspyljen is manljuswurk. Gjin froulju op ‘e planken! Dochs wol se it toaniel op, dan mar as man: ‘Ik wol spylje!’ En dan moetet se Shakespeare dy’t wrakselet mei teksten foar in stik. Se wie al fereale op syn fersen en toanielwurk en no wurdt se dat ek noch op de skriuwer. En hy op har! Mar it kin neat wurde, want Viola is troch har heit al fersein oan de planter Lord Wessex. Foar Shakespeare hat it yn 'e kunde kommen mei Viola grutte gefolgen: it libben mei har jout him ynspiraasje en de measte teksten ûnsteane dan ek tidens syn tahâld-en by Viola op har sliepkeamer! Der komt in stik en stikje by bytsje mei gauris tsjinslach (faak ek as gefolch fan jaloerskens, konkurrinsje en ûnderlinge rûzjes) wurdt der repeteard en komt der by einsluten in foarstelling: Romeo en Julia . Mei in opfallende rolwikseling! Yn de keninklike lôzje folget de keningin-ne de útfiering mei grutte niget en se wint ek nochris in weddenskip. De jubileumedysje fan it Jorwerter iepenloftspul mei der wêze. In goeie fjirtich akteurs sette in kostlike útfiering del, in foarstelling mei in soad fariaasje en prachtige massasênes en faak komyske situaasjes. Yn it stik wurdt wraksele mei toaniel, mar der moat yn de notaristún ek wraksele wêze om it ta sa’n foarstelling te bringen. Hulde oan de rezjy fan Romke Toering en Marijke de Vlas. Mar ek hulde oan de spilers. De haadrollen wurde troch Wim van der Laan (Shakespeare) en benammen Hinke Richtsje Miedema (Viola) sterk fertolke, mar der binne folle mear tige oertsjûgjende spilers. Om noch twa te neamen: Hinke Wolthuizen set in kostlike keninginne Elisabeth op ‘e planken en Popke van der Zee spilet syn rol as Lord Wessex hiel sterk. Mar sy soargje net allinne foar in slagge foarstelling: it is it súkses fan de hiele ploech! It dekôr (ûntwerp Durk Kramer) sjocht der prachtich út en funksjonearet net allinne as in typysk Londens téater, mar bygelyks ek as katedraal. Klaaiinge (ûntwerpen Liedwien van der Veer) en prachtige ljochteffekten drage der ta by, dat dizze jubileumedysje in boeiende foarstelling wurden is. In troch amateurs profesjoneel brochte foarstelling, wêrby’t de besiker faak earen en eagen tekoart komt. Foarstelling: ‘Ik wol spylje’ Plak: Notaristún Jorwert Troch: Amateurtoanielspilers út Jorwert en wide omkriten Tal besikers: 700 (útferkocht) Oant en mei 13 septimber noch 11 foarstellings




Friesch Dagblad - 2003-08-22