Jorwert wrakselet mei keunst en libben


JORWERT - De wrakseling fan in skriuwer en in toanielploech om in foarstelling ta in goed ein te bringen, better ûnderwerp foar it fyftichjierrich jubileum fan it Jorwerter iepenloftspul is amper te betinken. En der wurdt hiel wat ôfwraksele yn '±k wol spylje'. Troch William Shakespeare, waans pinne droechfalt, krekt as er twa selskippen tasein hat om sa gau mooglik in nij stik te leverjen. Mar ek foar it regisseursduo Romke Toering en Marijke de Vlas moat it ombouwen fan de film 'Shakespeare in Love' ta in toanielstik in wrakseling west hawwe. 'Ik wol spylje' giet oer de ferhâlding tusken libben en keunst. It giet oer in skriuwer dy't de ynspiraasje foar syn poëzij út it libben en de leafde hellet en oer in frou dy't mient dat se de echte leafde en it echte libben allinne by dichters en toanielspilers fine kin. Soms rint dat op in teloarstelling út, op oare mominten sit - ,,it is in mystearje'' - alles mei. De skriuwers Mark Norman en Tom Stoppard hawwe mei dat tema as útgongspunt in kostlike filmkomeedzje skreaun. Shakespeare is yn 'Shakespeare in love' gjin wrâldfrjemde dichter dy't mei de holle yn de wolken rint, mar in jonge fint mei in op en del geand libido dy't skriuwend oan de kost komme moat, dy't ideeën fan oaren sûnder skrupules ta sines makket en dy't him der likemin foar skammet om itselde stik oan twa selskippen tagelyk te ferkeapjen. In film oer toaniel dêr't wer toaniel fan makke wurdt. It is in wat nuvere boarterij, mar der liket op it earste gesicht neat mis mei. Dochs is dy twadde fertaalslach - dy fan film nei toaniel - net oer alle boegen slagge. De grutte sênes mei kloften figuranten dy't krioeljend en fjochtsjend de sfear yn it sechstjinde ieuske Londen oproppe moatte, steane oer't generaal as in hûs. Al steurt it soms, dat it dekor suver wat te moai en te stylfol is foar de folkse sfear fan it teater yn Shakespeare syn tiid. Wat yn dizze bewurking foar in grut part ferlern giet binne de healwize en yntelliginte ferwizingen yn de dialogen nei Shakespeare en alle mooglike oare fasetten fan de teaterwrâld. De film sit grôtfol lytse grapkes, mar yn de notaristún - dy't him troch syn omfang no ienkear minder lient foar in al te subtile ynteraksje - waard juster it hurdst lake om manlju yn jurken en om alderhanne bûtenechtlike kaprioalen efter in gerdyn. Dêr stiet wol foaroer dat de beide haadrollen oannimlik en mei gloede spile wurde troch Wim van der Laan en Hinke Richtsje Miedema en dat ek Arjen Toering, Lodewyk Riedhorst, Douwe de Bildt en alle âlde rôten yn it fak har partij op fertroude wize meiblaze. Spesjale fermelding fertsjinnet Hinke Wolthuizen dy't mei har Wilhelminamotoryk in prachtige keninginne Elizabeth delset. SIETSE DE VRIES Plak: notaristún Jorwert. Barren: iepenloftspul 'Ik wol spylje'. Tekst: Mark Norman en Tom Stoppard. Oersetting: Jan Schotanus. Dekorûntwerp: Durk Kramer. Kostúmûntwerp: Lidwien van der Veer. Regy: Romke Toering en Marijke de Vlas. Belangstelling: útferkocht




Leeuwarder Courant - 2003-08-22