Utferkochte premjêre Jorwert


Yn de notaristún fan Jorwert gie tongersdeitejûn it iepenloftspul 'Ik wol spylje' yn premjêre. It stik is basearre op de film 'Shakespeare in Love'. Dêryn ynspirearret de moaie Fiona de jonge William Shakespeare ta it stik 'Romeo en Julia'. Jan Schotanus en Romke Toering ha it skript bewurke. Goed 750 minsken wiene by de premjêre oanwêzich. De fyftichste edysje fan it Jorwerter iepenloftspul wie dêrmei útferkocht.




Omrop Fryslan - 2003-08-22