AL OF NET TROCHGEAN FAN IN FOARSTELLING
Wannear’t in foarstelling net trochgiet, wurdt dat dyselde jûns tusken 18.00 en 19.00 oere bekend makke op dizze website. De kaarten binne dan jildich op de reservejûn. Giet ek op dy jûn de foarstelling net troch, dan binne de kaarten jildich op de twadde reservejûn.
Ek iten besteld? Dat giet altyd troch.

 

YN 'E ROLSTOEL? MIN HEARREND? 
Komst yn 'e rolstoel? Jou it even oan fia info@iepenloftspuljorwert.nl. Wy hawwe rolstoelplakken en begeliede dy graach. 
Hearst wat minder? Wy hawwe de jûn trije koptelefoans beskikber, dan hearst it lûd drekt út de mikrofoantsjes fan de spilers. In koptelefoan reserveare? Ek dat regelest mei in mailtsje nei info@iepenloftspuljorwert.nl. 

 

NOCH IN MOAIERE JUN? EARST ITE EN DAN TEATER SJEN
Ast de jûn kompleet meitsje wolst, dan kinst earst ite by Emke Dijkstra yn it Jorwerter kafee, Het Wapen van Baarderadeel. It iten is dit jier drekt te bestellen by it keapjen fan de kaartsjes, online op dizze webside of op wurkdagen fan 19.00 oant 20.00 oere op de kaartferkeaptelefoan: 06-31498946, en kostet 17,50 euro per persoan. As de foarstelling net troch giet, giet it iten wol troch.
It buffet stiet om 18.00 oere klear.

FREON WURDE?
Oant 10 kaarten mei 10% koarting it stik bestelle, meidwaan oan de Freonerûnliedingen op tiisdei 6 septimber of tongersdei 22 septimber en it Iepenloftspul Jorwert stypje? Wurd dan Freon foar 20 euro jiers. Freon wurde kin by it bestellen fan kaarten of mail nei info@iepenloftspuljorwert.nl. 

 

KONTAKT
Stifting Iepenloftspul Jorwert
Redbadwei 1,
9023 TA Jorwert
info@iepenloftspuljorwert.nl (net foar kaartferkeap)


Kaarten binne op wurkdagen tusken 19.00 en 20.00 oere ek te keap fia 06-31498946.