corona
COVID-19-maatregelen
De foarstellingen sille plakfine ûnder de op dat stuit jildende coronamaatregels. Op 6 augustus is der fanút de oerheid besluten dat de “ééndaagse buitenevenementen” (dêr’t wy ûnder falle) trochgean meie ûnder de folgjende betingsten:
- It evenemint fynt yn de bûtenloft of in iepen tinte plak.
- De besikers hawwe in fêst sitplak.
- In “coronatoegangsbewijs” is ferplichte.
- Besikers hoege gjin 1,5 meter ôfstân te hâlden.
- De besikersnoarm is 2/3 fan de reguliere kapasiteit, of op syn heechst 750 besikers. Dat hâldt dus foar ús yn, dat wy yn prinsipe ús folsleine kapasiteit brûke meie, want wy hawwe plak foar ûngefear 424 persoanen per jûn. Omdat de kaarten yn earste ynstânsje de doar útfleagen, binne wy bliid dat wy de kaartferkeap no opnij iepengoaie kinne. Dus as jo noch kaarten derby hawwe wolle, of as jo immen witte dy’t de boat krekt mist hat by it bestellen, dan kin dat no fia ús webside https://www.iepenloftspuljorwert.nl/kaartverkoop/.
It boppesteande hâldt wol yn dat jo in “coronatoegangsbewijs” fia de CoronaCheck-app hawwe moatte, njonken jo reguliere tagongskaart.
Wat is in “coronatoegangsbewijs” en hoe kom ik dêr oan?
- Vaccinatiebewijs; folsleine coronafaksinaasje, mei in faksin dat troch it Europeesk Medisyn Agintskip (EMA) goedkard is.*
- Herstelbewijs; bewiis, dat jo minder as 6 moanne lyn hersteld binne fan it corona-firus.
- Testbewijs; in negative testútslach fan minder as 24 oeren foar de oanbelangjende foarstelling.**
* Besikers dy’t yninte binne, kinne in digitaal faksinaasjebewiis toane fia de CoronaCheck-app op de smartphone. De app is te downloaden fia de ferskate app stores. Mei de app kin in QR-koade oanmakke wurde dy’t by de kontrôle scand wurde sil. Besikers dy’t net beskikke oer in smartphone kinne harren faksinaasjebewiis thús útprintsje fia de webside www.coronacheck.nl of troch te beljen mei telefoannûmer 0247-247247. Foar it meitsjen fan de QR-koade is jo DigiD nedich (tink derom, it oanfreegjen nimt in pear dagen). Foar de dúdlikens: de faksinaasjebefestiging dy’t nei it intsjen ûntfongen is, is gjin jildich faksinaasjebewiis. Itselde jildt foar it ‘giele boekje’.
** Besikers dy’t noch net beskikke oer in (folsleine) faksinaasje kinne har hjirfoar teste litte by testlokaasjes dy’t dêr spesjaal foar ynrjochte binne. Ynformaasje dêroer (lokaasjes en sa) kin fia www.testenvoortoegang.org opsocht wurde. Op dizze side kin ek in ôfspraak makke wurde foar in test. De testgegevens kinne dan ynfierd wurde yn de CoronaCheck-app. Teste fia de lokaasjes fan testenvoortoegang is fergees.
Hoe wurket de CoronaCheck-app?
Hoe’t de CoronaCheck-app krekt wurket, kinne jo sjen yn de folgjende fideo: https://youtu.be/fuwzLKOwJIQ. Slagget it net om in QR-koade oan te meitsjen, freegje dan ien yn jo omjouwing om jo te helpen.