NIJS *

NIJSBRIEF *

YNFORMAASJE *

SKIEDNIS *

KNIPSELS *

STIPERS *

GASTEBOEK *

FOTO'S *

HOME *



Gean nei de Twitter fan it Iepenloftspul
Gean nei de Hyves fan it Iepenloftspul
Gean nei de Facebook fan it Iepenloftspul
It Youtube kanaal fan it Iepenloftspul
 
 

We krigen der in Gouden Gurbe foar: de muzyk yn Bohemia, it stik dat we dit jier yn Jorwert brochten! Mei tank oan Bram Vermeulen, AC/DC, ús oersetter Jan Schotanus, muzikaal lieder Jorrit Laverman en fansels de muzikanten en spilers! Dizze prachtige muzyk ha we opnommen by ien fan de foarstellings en op cd setten. Genietsje nochris nei fan Testamint II, Reade Wyn of Dyk fan in Frommes (en alle oare prachtige nûmers).

Hjir kinne jim dizze cd bestelle. Kosten: 12,50 per cd, en dêrfoar soargje wy ek noch dat der by jim thús besoarge wurdt! Wat in prachtich sinteklaze- of krystkado! Beteljen giet troch sels it bedrach oer te meitsjen nei it rekkennûmer fan it Iepenloftspul Jorwert, dat neamd wurdt yn de befestigingsemail. Yn de omskriuwing wol graach dyn namme en it bestelnûmer fermelde.

We besykje de cd's safolle mooglik foar 5 desimber of foar de kryst te ferstjoeren, mar hâld rekken mei twa wike ferstjoertiid.

Graach oant sjen yn 2012! 

 

Namme :
Adres :
Postkoade :
Wenplek :
E-mail :
Oantal cd's :




 
 
RABOBANK
ELKIEN