Optimaal publyk justerjûn

Woansdei 30 augustus

Optimaal publyk justerjûn (en deskundich). Yn it foarste plak wie it bepaald in frouljusjûn, mei dy meiwurkers fan soarchgroep Plantein (Ielannen, Bloemkamp, Finke, Flecke en soarchwenten yn Balk). En de hilariteit wie grut, doe't har manazjer him ferspruts en it eefkes oer syn bewenners hie: Dat seagen se wol foar har. Lit der no healwei it stik dochs in reiske fan bejaarden foarbykomme. In stoarm fan byfal! Eefkes letter soe ien hast oerein: Frou, jo weintsje stiet wat te leech. Sy wist net dat Sien Oosterwijk (as Molly McGregor) de rollator krekt sa leech hie om wat krommer rinne te moatten. Sien hat noch de earm yn de doek, dat it publyk tocht hiel lang dat sy dejinge wie, dy't by it dûnsjen in handicap hie. Pas by de slot-act murken se dat it om Sjoerd van Beem gong, dy't him noch net hielendal fertroude. It giet oars rap de goede kant op mei him, op nei de premiêre! De gasten hoegden net yn soarch-aksje te kommen, se hiene in jûn frij. (In pear moasten even earder fuort, om de nachttsjinst yn, dat wol!) It O'Conner-loopke achter de skermen wie wol hiel spektakulêr justerjûn. Hy davere sa by de muorre op, dat der in lyts buike drippen út de beam skodde. De pear ûnderbrekkingen fanwege it waar waarden sportyf meibelibbe en it wie bjusterbaarlik te sjen hoe't nei de ûnderbrekking de tried wer yn ien kear oppakt waard, troch ploech en publyk! Super, soe Raymond wol sizze! (sjoch ek it ynterview by Aktualiteit.)

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert