Noch ien kear flamje

Sneon 22 septimber

De lêste jûn Noch ien kear flamje foar in folle tribune, krekt as justerjûn, doe't it wer twarjochtingferkear wie en de spilers it publyk wol hearre koene. It spilet yn elts gefal in hiel stik lichter as mei in bats wyn de tún yn. Sels Perry krige it "sprookjes"bosk woansdei net wynstil! En dan wurdt it ôfkicken. Somtiden giet de neisoarch fan út bygelyks de schmink wol hiel fier: Darren (Sjoerd van Beem, dy't dit jier trouwens mei syn gefaarlike spul wol de ein fan de rige foarstellingen helle hat, oars as foarich jier, doe't er op de ynhelsnein de skouderbonke bruts en net mear meidwaan koe!) Darren hat al in hiele set hiergroeimiddel etc. krigen om syn prúkje gau wer op de âlde lingte te krijen. (Sjoch nijs fan 29 aug.) Sukses jûn!, of om Perry noch ien kear te sitearjen: Toi, toi, toi!

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert