'Minsken wolle rekke wurde'

Freed 28 july

'Minsken wolle rekke wurde'

In moai stik yn Op 'e Skille oer dekôrûntwerper en regisseur Ekko de Bakker. 

"Wat my it measte rekket yn It foarfal is de leafde fan âlders foar harren bern, en de ûnmooglikens dêrfan. Miskien wol om’t je sels heit binne. Ik tink dat ús taskôgers ek rekke wurde wolle. Troch de muzyk, it ferhaal of de foarm. Dit hoecht net perfoarst hiel grut te wêzen of hiel grappich."

Iepenloftspul Jorwert bringt dit jier it stik It foarfal foar it fuotljocht, in Jorwerter bewurking fan it boek Het wonderlijke voorval met de hond in de nacht fan Mark Haddon. It ferhaal giet oer in jonge fan 15. Hy hat it syndroom fan Asperger, in foarm fan autisme. Yn dizze searje sette wy de kommende wiken in part fan it iepenloftspul yn it ljocht.

Klik hjir om it artikel te lêzen

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert